
(Persbericht)
De stichting iepenloftspul "De Oerfal" is fan doel om op 29 augustus 2013 de premjêre fan it iepenloftspul ‘De Oerfal’ op it grutte binnenplak fan de âlde finzenis de Blokhuispoort yn Ljouwert plakfine te litten. Dêr wêr’t de oerfal op 8 desimber 1944 plakfûn hat. Der binne ynearsten njoggen foarstellings.
It stik, dat skreaun wurdt troch Dick Jansen, is basearre op it boek "de Kraak” fan Arend Jan Wijnsma, de yn 1962 makke film "de Overval", argyfstikken en de ferhalen fan ûnder oaren Janny Oberman, de widdo fan Piet Oberman (fersetslieder) en Gerrit Fokkema, de lêste noch libjende befrijde finzene fan de oerfal.
It stik wurdt regissearre troch Tineke Broers, dy’t sûnt 2005 sân iepenloftspullen op har namme skreau, ûnder mear yn Burgum en Harkema. Sy wurdt dêrby assistearre troch Rita Wijnsma. Nanne Kalma en Ankie van der Meer sille de musyk komponearre en de lietteksten skriuwe. Jaap Groen sil it dekor ûntwerpe.
It bestjoer fan de stichting y.o. bestiet op dit stuit út: Pietrick Veenstra, Rieks Osinga, Hans Groeneweg Jorrit Volkers en Jan Zeinstra. De foto komt ut de film 'De overval'
Geweldich ynitatief,
BeantwoordenVerwijderenMien heit wie tiedens de oerfal yn de finzenis de blokhuspoarte, is dernei nei dutsland stjoert en eind augustus 45 werom kaam ut dutsland troch de help fan under oaren yn dutse boer. 't likket mie yn intrigearend fraagstik hoe je der mei omgeane at je net witte wat de gefolgen wezze sille foar de minsken die 't je sitte litte moatte.
Ik sjoch der nei ut en soe hjir graach op de ien of oare wizze hjir oan mei wurkje wolle.
Johannes Zoodsma