
(Dit is in parseberjocht fan it Iepenloftspul Dronryp)
It stik dat yn 2012 spile wurde sil, is in bewurking fan it (op wierheid ynspirearre!) ferhaal oer in man dy’t op in fleanfjild strânet en dêr dan mear as in jier wennet. In bysûnder ferhaal dat ta de ferbylding sprekt en dêr’t men in soad kanten mei op kin. Dat dit aparte ferhaal ynspirearret, bewize de boeken en films dy’t dêroer makke binne. Foar Dronryp sil Jelmar Hoekstra foar de bewurking soargje, sy docht dit jier ek de rezjy.
Iepenloftspul Dronryp jout fansels har eigen draai oan dit hast net te leauwen ferhaal. It moaie is dat it him allegear op ien plak ôfspilet, nammentlik in fleanfjild. Dat der oer fleanfjilden en harren besikers hiel wat te fertellen en te sjen is, hoege wy net út te lizzen.
It wurdt in stik mei in protte dûns, beweging, figuraasje en prachtrollen. Meidwaan oan it stik is mooglik. De audysjes binne op 12 novimber 2011 fan 10.00 oant 15.00 oere yn de grutte seal fan Yn ‘e Stal yn Dronryp (it Heech 1). Oanmelde foar de audysje kin fia it oanmeldingsformulier, dat op de webside stiet.
0 reacties:
Een reactie plaatsen