
(It rapport waard foarlêzen troch sjuerylid Rients Gratama, foto's LC/Catrinus van der Veen)
We hawwe, Anne Zijlstra, Wim Vervoort en ik as sjuery net de moaiste simmer fan'e ieu troffen, en sa lang is dy ieu noch net. Mar wol wer in eksplosy fan kreativiteit dy’t uteinlik mear yndruk makke as buien en hurde wyn en in waarmte joech dy’t de bûtentemperatoer fier en fier oertrof.
Der hat by de Gouden Gurbe-útrikkings noait sprake west fan nominaasjes. Dizze kear hat men miend dy kant dochs in bytsje útgean te moatten omdat der hieltyd mear iepenloftspullen binne en de ferskate produkten kwalitatyf soms sa ticht byelkoar lizze dat it suver te meager is om allinne de piek fan de krystbeam yn it ljocht te setten en te wiidweidich om fan allegear de fertsjintes te neamen. Wy binne as jury per Gurbe ta twa of trije nominaasjes kommen, dy neame wy hjir ek en ien derfan ha wy útkeazen as winner en dy meitsje ik ek bekind en dan komt Anne oandraven mei de Gouden Gurbe. Sa hawwe wy alle trije wat te dwaan, want Wim hat as foarsitter al oan it wurd west.
Dat grutte oantal spullen hat fansels dochs al ta gefolch dat der op sa’n útrikking mear ferliezers binne as winners.De jury is dertroch ek mear leedoansizzer as blide boadskipper. Soks is einliks ek neat foar my mar ien moat it dwaan en ik hoopje mar dat yn dizze tiid fan resultaatvoetbal, de freugde fan it meidwaan altyd noch swierder weaget as de priis. Dat moat ek hast wol want oars diene jimme it net.
De earste Gurbe is de: GOUDEN GURBE FOAR DE BESTE FOARMJOWING.
Ut alle yndrukwekkende opsetten dy’t wy sjoen ha binne der as nominaasjes útkommen:
De skepershûn, spile op in moaie lokaasje yn Jobbegea yn in ienfâldich mar djiptejowend dékor dat naadleas oanslúte by de beammige omjowing en yn de rin fan de jûn troch de beljochting hyltyd mear sfear en romte krige wertroch it mei de spylromte deromhinne in wrâld op himsels waard.
Ek in nominaasje is der foar Simke, in Frysk famke, wer't op dat prachtige Spitkeetplak fan Harkema ek wer suggestyf gebrûk makke waard fan de grutte romte dy’t ús mei filmyske snelheid oan ien wei fan de Wâlden nei in stylfol kostumearre strjitbyld yn Den Haag brocht, en oarsom, wylst it byld op de reusachtige komputer der yn timing prachtich yn meigong.
Yn de discipline foarmjowing is ek nomineard It Kersehof fan Snakkerbuorren, mei in yn alle opsichten artistike oanpak, yn idee, kleur, oanklaaing, ljocht en smaak. In genot foar it each.

----------------------------------------------------------------------------
En de Gouden Gurbe giet nei Simke. Regisseurs Tineke Broers en Rita Wijnsma, dekorûntwerp Jaap Groen, kostuumûntwerp Wieke de Haan.
----------------------------------------------------------------------------
GOUDEN GURBE FOAR DE BESTE BIJROL.
Roel Tichelaar as de Lakei Knoop yn it spul 'Lang en Gelukkig' yn Ljouwert. Der wiene mear moaie bijrollen yn dit stik, dy’t je likegoed haadrollen neame kinne, dat jildt trouwens foar hast alle produksjes. Mar dizze lakei is nominearre omt hy oandwaanlik wie yn syn net stikken te krijen optimisme, sa slim wie om him naïever foar te dwaan as dat er wie, sadat hy, as it nedich wie, de dingen yn de meast gaadlike rjochting stjoere koe.
Fokke Plantinga is ek nomineard as Jan Ritskes Kloosterman yn 'Simke'. Hy sette syn rol as eigensinnige Einzelgänger en sosjaal wat ûnhannige man sterk del. Oertsjûgjend as in goede heit fan Simke yn in ûngelokkich houlik, mar ek yn it sjen litten fan syn swakte en slapte by it ûntrinnen fan syn ferantwurdlikens oangeande de gefolgen fan syn affaire mei it tsjinstfamke.
Dan ha wy noch de nominaasje fan Elbrich Bruinsma fan it ferneamde berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, diz kear mei de produksje 'Swart/Wyt'. As televisyferslachjouster wie sij in moai gehaaide tante, dy’t oeral mei har mikrofoan klear stie om alles te freegjen dat har ynteressant like. Sij hat blykber goed sjoen nei hoe’t soks der tsjintwurdich oan ta giet. Moai dien.

----------------------------------------------------------------------------
De winner fan de Gurbe foar de bêste bijrol is: Roel Tichelaar, as lakei yn 'Lang en Gelukkig'
----------------------------------------------------------------------------
GOUDEN GURBE FOAR DE BESTE HAADROL.
Ik ha it probleem al efkes neamd. Yn in iepenloftspul, trouwens ik tink bij toaniel yn it algemien, binne haadrollen faak net hielendal haadrollen en bijrollen faak krekt mear as bijrollen. Dat komt it teambarren en de totale útstrieling faak ten goede mar makket it beneamen fan de dingen faak wat moeiliker. Ik ha begrepen dat soks yn foarige jierren ek al konstatearre waard en it is einliks ek hielendal gjin probleem. In moaie grutte rol is in moaie grutte rol, it is moai sa’t it is, sa dogge we dat, sa fiele we dat en sa sit it folk en de jury der nei te sjen. En wat de spilers fan dy moaie grutte rollen oanbelanget, de kwaliteit wie bêst oer it algemien en wa’t it net wint hat dat miskyn alris dien of docht dat yn de jierren dy’t komme.
We hawwe wèr trije rollen dy’t nomineard binne.
Frouke Holtrop as de folwoeksen Simke Kloosterman yn 'Simke'. Sij kaam nei it skoft krekt oan’e bak mar joech in moai ferfolch oan de ûntwikkeling fan Simke wert twa jonge famkes foar it skoft ek al mei prima spyljen de basis ta lein hiene. It wie knap hoe konsistint sij har jeuchd, har opfieding, sels de ynfloed fan sawol heit mei syn sosjale ûnhannigens, as mem mei har trochdriuwerij oan’e ein ta yn har karakter fêsthold.
Bianca Wiersma as frou Jonker yn 'Bloedbân ' fan de ploech fan Burgum groeide yn har emoasjeniel swiere rol fan de mem fan de twa jonges, dy’t har hert, har memmeleafde en har útelkoar reage húshâlding sa goed, sa kwea by elkoar besiket te hâlden. In moaie prestaasje.
Anne Jongsma, as kapelaan Erik Odekerke yn 'De skepershûn', útbrocht yn Jobbegea. In rol dy’t it hiele stik drage moast en dat krige hy foar elkoar, ûnhandich, ûntwapenjend, nayf mar ek slim en trochtaastend en op gjin inkelde manear routinearre mar foar it grutste part wol ien mei syn fyts en mei alle oaren, en de hiele jûn folslein oannimlik.

----------------------------------------------------------------------------
De Gouden Gurbe foar de bêste haadrol is foar Anne Jongsma.
----------------------------------------------------------------------------
DE EKSTRA GOUDEN GURBE
Krekt omt dizze Gurbe einliks oeral foar jûn wurde mei en de jury de gelegenheid jowt oer alle disciplines en ekstra’s út te waaierjen, wurdt der navenant altyd lang diskusjearre oer wat of wa dizze priis hawwe moatte soe. Trije nominaasjes:
De skepershûn yn Jobbegea: Fjouwer toanielferienings dy’t mei fjouwer regisseurs in spektakel delset ha, útskroeven fan opset en útfiering mei sa’n njoggentich spilers, figuranten en muzikanten. Alhielendal in iepenloftspul as sosjaalmaatskiplik barren yn in hechte mienskip. Datselde jildt trouwens ek foar Cupido yn Brantgum.
De muzyk yn Bohemia fan Jorwert. En dan ek alles wat dêr mei te meitsjen hat: De band, de koperblazers, de arrangeminten, it lûd, de suverheid, de treflike fertolking fan de lieten van Bram Vermeulen troch Wybo Smids, de moaie Fryske oersettings fan Jan Schotanus.
Sense Offenders yn Ljouwert hat sjen litten dat it iepenloftbarren him net perfoast hoecht ôf te spyljen yn de fertroude omjowing fan de fêste lokaasje. Marijn Korvers hie mei syn meistudinten fan it Friesland College syn ôfstudearprojekt situeard op in berch fan ôffalboumaterialen op in ferfrjemdzjend yndustryterrein yn Ljouwert, in plak wert sa’n projekt it bêste ta syn rjocht kaam. De jury wurdearret it lef en de originaliteit.

----------------------------------------------------------------------------
De saneamde Ekstra Gouden Gurbe wurdt takend oan:
Bohemia - Jorwert.
----------------------------------------------------------------------------
DE BESTE FOARSTELLING.
De jury hat keazen foar twa nominaasjes. Dat wiene beide foarstellings dy’t yn alle aspekten in goed ta poerbêst nivo hellen. Allebeide basearre op besteande stikken, wat jin allinne mar kwetsberder makket omt it publyk fergelikings meitsje kin mei oare útfieringen. Dy fergelikings ha beide produksjes glânsryk trochstien.
De twa nominearden binne:
Bloedbân yn Burgum, in prima útfiering fan it muzyktéaterstik Blood Brothers, dat al hast in fearnsieu yn Londen stiet en ek yn Nederlân al mannich kear yn de skouburgen te sjen wie. Yn Burgum is it mei hast professioniele allure opfierd. Prima aktearre, troch de hiele cast, moai songen en dat mei in fakkundich lûdsbyld yn in passende foarmjowing.
Lang en Gelukkig van Spoonk yn Ljouwert. It stik koene wy al fan it RO theater en fan de film. Spoonk fan byldzjend keunstner, performer en téatermakker Caro Kroon, die dêr, mei de beskikking oer allinne mar minimale middelen, net foar ûnder. It spylplesier spatte ôf fan in foarstelling dy’t mei lef en in protte gefoel foar timing en humor brocht waard, werby ek alle haadrollen of bijrollen nochris sterk beset wiene.

---------------------------------------------------------------------------
De Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling fan it Iepenloftseizoen 2011 is foar: Lang en Gelukkig.
----------------------------------------------------------------------------
0 reacties:
Een reactie plaatsen