maandag 19 september 2011

Wat minder respekt foar Simke hie bêst mocht



In prinseske wie se, Simke. Se wie sels sa bysûnder dat God har mem - bûten Simke - gjin oare bern skinke koe sûnder oare memmen ûnrjocht te dwaan. In famke dat mei sokke ideeën grutbrocht wurdt, krijt it net maklik yn it libben, sil net maklik foar oaren wurde en sil har noch minder maklik oan oaren jaan. De kâns is grut dat sa'n ien letter - om de wurden fan de skriuwster sels te brûken - ,,te keninklik foar deemoed'' wurdt.

Troch Sietse de Vries, foto's Jilmer Postma/Marcel van Kammen

Dy skriuwster is Simke Kloosterman, de frou om wa't skriuwster Baukje van Hijum en regisseur Tineke Broers in iepenloftspul hinne optúgd hawwe. In hiel oar persoan as de moard-zjende muzikanten Eije Wijkstra en Durk Tabak dy't yn de foarige ôfleveringen fan it Harkemaster iepenloftspul sintraal stiene. De kar moat de waargoaden oanstien ha, want se lieten it tsien minuten foar de foarstelling droech wurde, bewarren de folgjende snjitter foar yn it skoft en lieten it in healoere nei de foarstelling pas wer reine.

‘Simke' fertelt it libbensferhaal fan Simke Kloosterman op in dokumintêre-eftige manier mei kommentaar fan in soartemint ferteller. Dy ferteller is Sido Ydeman, in hjoeddeiske berneboekeskriuwer dy't mear witte wol oer Simke Kloosterman (1876-1938), nei't er de nei har neamde literêre priis wûn hat.

It libbensferhaal begjint as de skiteldeftige mem fan Simke mei har famke yn in djoere bernewein - hielendal út Frankryk - troch Twizel kuieret. Daliks is dúdlik dat de famylje Kloosterman him fan it gewoane doarpsfolk ûnderskiedt. As skoalfamke boartet Simke ek net mei oare bern út Twizel, útsein it soantsje fan de dûmny. It leit de basis foar har ûnôfhinklikheid dy't yn letter jierren har libben rjochting jout.

Heit en mem sette alles by Simmy op, stjoere har nei in goede skoalle en nei muzykles, oertsjûge as se binne fan de bysûndere talinten fan har dochter. Mar ûndertusken fjochtsje se ta grut fertriet fan Simke elkoar wol de tinte út. Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga foarmje as it nuchtere, koart oanbûne bekstik fan in mem en de romantyske einzelgänger fan in heit in prachtich span. Foar it skoft drage se de foarstelling. It is oan de petearen fan Sido Ydeman mei de jonge Simke te tankjen, dat de oandacht net te folle fan de haadpersoan ôflaat wurdt.



Mei de folwoeken Simke fan nei it skoft hawwe skriuwster en regisseur mear muoite hân. Sido Ydeman leit Simke mei in soad omhaal fan wurden út wa't se is en hoe't it safier komme koe, wylst it hiele stik dêr no krekt oer giet. En oft dat noch net genôch is, leit keunstskilder Antoon van Welie Simke - yn de taal fan de populêre psychology fan no - ek nochris út wa't se is.

By it delsetten fan de legendaryske ferloving fan Simke Kloosterman mei de homoseksuele, tweintich jier jongere dichter Douwe Kalma hawwe regisseur en spilers har wol hiel bot ynholden. De teksten dêr't se elkoar it hôf mei meitsje binne hearlik karikaturaal, yn it spyljen fan Frouke Holtrop en Paul Siemensma is dêr neat fan werom te finen. Wat minder respekt hie bêst mocht. Der mei ek bêst wat te laitsjen wêze.

It poadium yn de foarm fan in skriuwburo jout moai oan dat it libben fan de noait troude Simke Kloosterman aardich ferliterearre wie. It grutte byldskerm biedt de mooglikheid om mei moaie, sfearfolle foto's it plak fan hanneling oan te jaan, mar is der - as ferbining mei de hjoeddeiske skriuwer Sido Ydema - wat by de hierren byskuord.

Plak: Temapark De Spitkeet, De Harkema. Foarstelling: Simke. Tekst: Baukje van Hijum. Regy: Tineke Broers. Belangstelling: 380 besikers.

0 reacties:

Een reactie plaatsen