zondag 4 september 2011

Simke



Op 'e Harkema weagje se har foar de tredde kear oan in stik oer in histoarysk persoan, mar wol ien fan in hiele oare oarder as de moardners Eije Wijkstra en Durk Tabak fan de foarige kearen.

‘Simke' giet oer skriuwster Simke Kloosterman (1876-1938), bekend ûnder oare fan de roman ‘De Hoara's fan Hastings'. Se krige fan har heit alle kâns om te learen en troch syn jild hat se har har hiele libben talizze kinnen op skriuwen. Troud is se noait, al hat se wol eefks ferloofd west mei de folle jongere, homoseksuele skriuwer Douwe Kalma.

Regisseur Tineke Broers kaam op it idee om in stik oer Simke's syktocht nei leafde en frijheid te meitsjen, Bauke van Hijum skreau de tekst. De foarstellingen binne 12, 13, 16, 17, 20 en 23 september op Themapark De Spitkeet op 'e Harkema.

0 reacties:

Een reactie plaatsen