(Parseberjocht)Takom maaitiid wurdt yn Blauhûs in teaterstik opfierd dat, foar elk dy’t wat mei de jierren ’60 hat, in ‘feest fan herkenning’ is. It stik hat as wurktitel ‘It Deiboek’ en fertelt it ferhaal fan Paulus Verheugd dy’t oansteld is as doarpskapelaan yn de Blauhúster plattelânsparochy fan Pastoar Wirtz. It is begjin sechtiger jierren, de tiid dat doarpspommeranten sa as de dokter, notaris, skoalmaster, kassier, heareboer en de pastoar de septer swaaiden op it plattelân. It is ek de tiid fan feroaringen, mei namme yn de húshâldingen, mei de komst fan de waskmasine en de televyzje. En de tiid dat ‘de gewoane man’ in auto oanskaft; it is ek de tiid fan The Beatles, de Pil, spikerpakken en lang hier.
De wrâld feroaret hurd en Blauhûs feroaret stadichoan mei. Yn buordoarp Greonterp festicht him folksskriuwer Gerard van het Reve dy’t stamgast wurdt yn doarpskafee de Freonskip fan Blauhûs. Ek yn ‘e tsjerke feroaret it ien en oar yn rap tempo; it Latyn makket plak foar de eigen taal en der komme tsjinsten mei Beatmuzyk. Minsken fiele harren frijer, tradysjes ferdwine. Kapelaan Verheugd makket it allegear mei, hoe slacht hy him hjir trochhinne?
‘It Deiboek’ sil yn trije bedriuwen op twa lokaasjes spile wurde. De sênes wurde sa no en dan ôfwiksele mei earder opnommen bylden. Sa sjocht it publyk de kapelaan yn in roeiboat op de Sylroede, yn de sweef mei de Merke en as foarbringer fan Fryske hynders op de Fokdei. De monumintale Blauhúster Sint Vitustsjerke spilet in wichtige rol. It earste en tredde bedriuw wurde yn de pastorijtún opfierd wêr tsjerke mei pastorij as dekôr tsjinje. It twadde bedriuw sil ýn de tsjerke spile wurde. Kapelaan Paulus Verheugd krijt hjir les fan syn learmaster Wirtz; tegearre fiere se in saneamde ‘houten misse’ op, wat komyske tafrielen oplevert.
Mei namme pleatslike toanielspilers nimme de haadrollen op har. Foar de byrollen en figuranten kin út in grutte pleatslike fiver fiske wurde. Ek de Blauhúster jongerein, koaren, Fanfare en de oargelist hawwe in rol yn it stik. Rom 10 jier lyn kaam auteur Hartman Witteveen op it idee in Blauhúster fariant op ‘It Deiboek fan in Herdershûn’ te skriuwen. Mei de pleatslike Kabaretjûnen binne foarpriuwkes opfierd, doe ek kombinearre mei bylden en foel tige yn ‘e smaak by it publyk.
De, spesjaal foar dit projekt oprjochte, Stichting Lokaasje Teater Blauhûs is drok dwaande mei de tariedings en is der fan oertsjûge dat it ek echt in ‘feest fan herkenning’ wurdt. ‘It Deiboek’ sil op syn minst trije kear opfierd wurde tusken 28 maaie en 3 juny 2012.
(Foto: Kapelaan Paulus Verheugd (Sjoerd Huitema) yn Blauhûs )